Link to us | e-mail us | Make ShoutyourSite your HOMEPAGE | ShoutyourSite to your Favourites | Thank you! |
   Home    |   New Blogs    |   Hot Blogs   |    Top Rated Blogs    |   Add your Blog   |    Update your Blog   |    Get Rated     
 
Register     
Member List     
Power Search     

Last 5 Posts
Nije webside
De Groep fan Auwerk is op dit stuit dwaande mei in nije webside.

The Groep fan Auwerk is currently working on a new website.

Der Groep fan Auwerk ist im Moment beschäftigt mit eine neue Website.
Lis .frl fêst
Provinsjale steaten moatte der om tinke dat de ynternetdomyn-ekstinsje .frl feilichsteld wurdt. Dat wol it CDA-steatelid Rendert Algra. Mei sa'n ekstinsje kinne ynternetadressen einigje op .frl, ynstee fan bygelyks .nl. Yn Vlaanderen binne de tariedings foar de ekstinsje .vla al klear. De provinsje moat der ek mei dwaande, fynt Algra. Oars kin in kommersjeel bedriuw wolris oan de haal gean mei .frl.

Boarne: Omrop Fryslân 23 okt 08
Lobby Frysk docht fertuten
De lobby foar it opnimmen fan it Frysk yn de grûnwet liket fertuten te dwaan. Fryske Steateleden ha der woansdei by Keamerleden foar pleite. It CDA hat sein dat de minister nochris nei de kwestje sjen moat. Ek de PvdA stiet der posityf foar oer. De partijen PVV, GroenLinks, D66 en SP sizze dúdlik dat as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dat dan ek it Frysk as twadde rykstaal derby moat. Der liket dus in iepening te wêzen. It wurd is no oan de minister.

Boarne: Omrop Fryslân 1 okt 08
Nog nooit zoveel Friese bedrijven
LEEUWARDEN -
Het aantal bedrijven in Friesland is in 2007 met 1000 gestegen naar een recordaantal van 36.000. Landelijk steeg het aantal bedrijven met 40.000 naar bijna 800.000, zo meldt het Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). De gemiddelde groei van 3,2 procent in Friesland loopt achter bij het landelijk gemiddelde van 4,4 procent. In Flevoland steeg het aantal bedrijven met 8 procent. Uit de cijfers van het CBS blijkt dat 2007 een goed jaar was voor kleine ondernemers.
De groei in Friesland is het grootst in de bouw, waar het aantal bedrijven steeg van 4000 naar 4500. In de zakelijke dienstverlening steeg het aantal van 5200 naar 5600. Het gaat daarbij voornamelijk om organisatieadviseurs en ict-bedrijven. In de transportsector bleef de groei licht achter. Dat aantal steeg van 1470 naar 1505 (2,3 procent). De groei is het grootst in Zuidoost-Friesland (3,8 procent), gevolgd door Noord-Friesland (3 procent) en Zuidwest-Friesland (2,5).

Boarne: Ljouwerter Krante 1 okt 08
Aksje foar Frysk yn de grûnwet

Twa bussen mei 90 Friezen binne woansdei op wei nei Den Haach om aksje te fieren foar it Frysk yn de grûnwet. Yn in kommisjegearkomste wurdt praat oer de oanpassing fan de grûnwet. De minister hat ferline wike sein dat inkeld it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is, mar de Fryske Steaten ha in foarstel makke. Dêryn stiet dat yn Fryslân ek it Frysk in offisjele rykstaal is. Fryske Steateleden hoopje dat de minister de grûnwet oanpasse wol.
By de aksjefierders binne fertsjintwurdigers fan Fryske organisaasjes, leden fan studinteferiening Bernlef, gemeenteriedsleden en gewoane boargers. Yn duo's sille de Fryske Steateleden by de fertsjintwurdigers fan de politike partijen by del om oer de aksje te praten. Mei alle partijen binne ôfspraken makke, útsein de Partij voor de Dieren.


Boarne: Omrop Fryslân 1 okt 08
Yn it ramt fan it wetlik fêstlizzen fan ús taal hat de Ried fan de Fryske Beweging de neikommende ferklearring skreaun. De Groep fan Auwerk stipet it statement fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Dan mar los fan Nederlân
Hjoed (22 september) stie der in ferslach yn de Fryske kranten oer in petear dat it Konsultatyf Orgaan (it advysorgaan fan it Ryk oer it Frysk) yn Den Haach hân hat mei minister Terhorst. Der waard ek praat oer de fraach of it Frysk njonken it Hollânsk yn de grûnwet opnommen wurde moat. Takom wike stiet dit ûnderwerp op de wurklist fan de Twadde Keamer (sjoch ek it berjocht: Allegearre nei Den Haach). Yn it petear mei it Konsultatyf Orgaan skynt de minister sein te hawwen dat hja der op tsjin is dat it Frysk yn de grûnwet opnommen wurdt. Har argumintaasje is net botte sterk: de grûnwet soe foar it hiele lân gelyk wêze moatte en it Frysk hat neffens har net deselde rjochten as it Hollânsk bûten Fryslân. Dêr sit no krekt de oest: salang Nederlân in gehiel is sil dat lân twatalich wêze. It Nederlânske regear hat ommers fêstlein dat it Frysk de twadde Rykstaal is. As jo dat beheine ta de provinsje dan jouwe jo ymplisyt oan dat Fyslân eins los fan de rest fan Nederlân stiet.
As de minister en de Keamer folhâlde dat it Frysk dêrom net yn de grûnwet kin is dat in oantrún oan de Friezen om har dan ek mar formeel los te meitsjen fan Nederlân. Dat is net sa'n frjemde gedacht. It soe wolris wêze kinne dat Fryslân yn Europa mear te sykjen hat as yn Den Haach dêr't ûnferskilligens foar de Fryske taal en kultuer noch altyd foar master opslacht. Sjoch mar nei it lêste ferslach fan de Kommisje fan Ekspers oer de posysje fan it Frysk). Der binne mear lytse lannen yn Europa dy't har as selsstannige ienheid har bêst rêde. Luxemburg hat noch net in heal miljoen ynwenners, Malta hast 400.000 en Cypres trijekwart miljoen. Dat hoecht dus gjin behindering te wêzen. De ierdgasopbringsten kinne hjir dan hâlden wurde.
By de foarming fan it hjoeddeiske kabinet (febrewaris 2007) hat de Ried de formateurs der al opwiisd dat har formulearring yn it regearakkoard oer it opnimmen fan it Hollânsk yn de grûnwet en it Frysk net, foar de Ried net-akseptabel is. De Ried hat doe skreaun:
"De Ried stelt fêst dat op dit stuit sawol it Nederlânsk as it Frysk ferankere binne yn de Nederlânske wetjouwing. Beide talen fungearje as bestjoers- en rjochtstaal. Der is alles foar te sizzen om dy ferankering ek in formele basis te jaan yn ús grunwet. Yn it ljocht fan de ferplichting ûnder it Europeesk Hânfest is it lykwols frjemd dat it regear útstelt om allinne it Nederlânsk yn de grûnwet op te nimmen. De Ried rekkent der op dat yn it kommende wetjouwingstrajekt dizze omisje goed makke wurde sil".
Wat de Ried doe skreaun hat jildt noch krekt sa. De Fryske Steaten binne itiens mei it stânpunt fan de Ried. Hja sile besykje op1 oktober de Twadde Keamer te oertsjûgjen fan har opfetting.
Boarne: fryskebeweging.nl 24 septimber 2008

 


 
   Home    |   New Blogs    |   Hot Blogs   |    Top Rated Blogs    |   Add your Blog   |    Update your Blog   |    Get Rated    
Copyright © 2007 Shoutyoursite. All Rights Reserved.
Valid XHTML 1.0 Transitional   Valid CSS